FIDEO: Trainer SC Hearrenfean Johnny Jansen hat it coronafirus

09 jan 2021 - 13:38

Trainer fan SC Hearrenfean Johnny Jansen hat it coronafirus oprûn. It betsjut dat er net op de bank sit by de wedstriid tsjin Fortuna Sittard. Jansen hat ôfrûne wike al yn thúsisolaasje sitten en hat fierder gjin klachten. Assistint-trainer Hennie Spijkerman sil him snein ferfange.

Henk Veerman oer it coronafirus by syn coach

Freed waard bekend dat der ek al twa spilers de wedstriid misse moatte fanwege it coronafirus. De klup makket de nammen net bekend, mar de klup seit de sûnens fan de spilers goed yn de gaten te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)