Yn Grou bedarre twa kear op ien moarn in auto yn de sleat troch de glêdens

09 jan 2021 - 11:25

Yn Grou hawwe sneontemoarn twa glydpartijen west. Oan de Grousterdyk rekke in buske op de kop yn de sleat. De bestjoerder is wiet wurden, mar koe it buske wol út komme. By de J.W. de Visserwei is ek in auto fan de dyk rekke: ek dizze kaam yn in sleat telâne. De bestjoerder koe sels de auto út komme, mar in plysje en ambulânse binne wol op it plak kaam.

Foto: SRFotografie

De auto's binne troch bergingsbedriuwen fuorthelle. De Grousterdyk tusken Grou en Jirnsum hat noch in skoft ôfsletten west fanwege it ûngelok.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)