Omrop TIP: Nynke Laverman en Govert Geldof yn Fryslân DOK

'De berchrede fan it flakke lân' is in searje fan Fryslân DOK oer de takomst nei de coronakrisis. Minsken út de wittenskiplike, kulturele en politike wrâld skriuwe in essay. Yn diel 3: sjongeres Nynke Laverman en yngenieur Govert Geldof.
It lân sit op 'e nij djip yn de lockdown. Yn de searje 'De berchrede fan it flakke lân' presintearret Fryslân DOK essays oer de takomst. Yn ôflevering 3, earder útstjoerd yn july 2020, is it wurd oan sjongster Nynke Laverman en yngenieur Govert Geldof. Bart Kingma giet mei harren yn petear, foar de kamera's fan Albert Jensma en Jan Bensliman.
Nynke Laverman © Omrop Fryslan
Nynke Laverman har nije foarstelling 'Plant' kin noch hieltyd net yn premjêre gean. It is it ferhaal oer in frou dy't beslút har persoanlikheid yn te ruiljen foar it bestean fan in plant. Sa siket se de útgong fan it fort fan beton en materialisme.
Neist de dokumintêren op telefyzje bringt Fryslan DOK de bydragen oan 'de Berchrede' ek út as podcast. Alle petearen dy't Bart Kingma makket mei de skriuwers, binne te finen yn de podcastsearje: 'Ferhalen fan it flakke lan'. It tydskrift de Moanne publisearret de essays online.
Govert Geldof (l) en Bart Kingma © Omrop Fryslan
Govert Geldof ferdjippet him al jierren yn it tema 'kompleksiteit'. Neffens him is de maatskippij te kompleks om der fet op te krijen. Bestjoerders soene dan ek net besykje moatte om grutte, oerkoepeljende plannen te betinken. Better is te fertrouwen op it fakmanskip fan de minsken dy't wurkje yn de praktyk.
Fryslân DOK: 'De berchrede fan it flakke lân 3 - Nynke Laverman en Govert Geldof'