Potfisk Flylân fan strân helle: "We pellen hem als een banaan"

09 jan 2021 - 17:18

Op Flylân is sneon de potfisk yn stikken snien, dy't earder dizze wike oanspielde op it strân by de Flyhors. It bist waard mei grutte masinen fierder it strân op sleept, sadat de ûndersikers by heech wetter gjin wiete fuotten krigen. De ûnderkaak fan de potfisk is freedtejûn al fuorthelle mei Rykswettersteat, omdat it rôversguod is. Yntusken is der al folle mear dúdlik oer de potfisk: it giet om in jong mantsje fan 13,6 meter lang. De deadsoarsaak is noch net bekend.

Der wie moarns betiid al grut materieel op it strân: in trekker, shovel en en graafmasine. Auto's rieden hinne en wer omdat frijwilligers fanwege it coronafirus net allegearre byinoar yn ien auto sitte meie. Der binne twa ploegen bywêzich, fan Naturalis en Universiteit Utrecht.

Ferslachjouwer Remco de Vries wie moarns ier en betiid al by de potfisk

De potfisk waard mei in kettingseage yn stikken snien. Pepijn Kamminga is kolleksjebehearder by Naturalis Biodiversity Center. Hy fertelt dat it der om wei giet. "Het gaat ruig. We zijn nu bezig met de kop, daar zit ontzettend veel spek omheen. Het is heel taai. We proberen het als één grote lap, als een soort banaan te pellen. Er gaan echt tientallen kilo's tegelijk af, dus het ruimt lekker op. Volgens mij zit mijn gezicht onder het bloed, onze mondkapjes zijn ook bloederig. We zitten onder de derrie en het ruikt ook niet zo lekker."

De ploech besocht it wurk sa rap as mooglik klear te krijen, want de fisk moast eins mei op de lêste boat krekt foar 17.00 yn de middei. "Het wordt nog kiele-kiele. Maar anders hebben we in ieder geval het grootste gedeelte gedaan." Noch krekt foar fiven waard de potfisk fan it strân helle.

In jongfeint fan 13,6 meter

Alles foar de wittenskip, dêr komt it op del. Kamminga: "De Universiteit Utrecht doet de pathologie, dus zij kijken naar de organen, doodsoorzaak en eventuele ziektebeelden. En de maaginhoud gaat naar de Wageningen Universiteit, om te kijken of er bijvoorbeeld plastic in zit en om te onderzoeken wat 'ie gegeten heeft. Wij krijgen bij Naturalis in ieder geval een flipper. Het hele skelet is iets te veel van het goede. Wij zorgen ervoor dat de botten beschikbaar zijn voor onderzoek in de toekomst."

Spesjale dingen binne der noch net fûn yn de potfisk. "Maar hij is redelijk lang: 13,6 meter. Dat is groter dan we hadden verwacht, dus dat is opvallend," seit Kamminga. "Hij zit goed in de spek. Het is nog geen volwassen mannetje, want ze kunnen wel 18 meter worden en dus nog een stuk groter. Hoe oud hij is weten we nog niet, daarvoor telt Universiteit Utrecht de ringen op de tanden. Net zoals bij de jaarringen van een boom. We hebben verder geen parasieten gevonden. Ik weet nog niet wat er uit de organen is gekomen, dat wordt nog bekeken."

Trefwurden: 
potfisk Flylân strân
(Advertinsje)
(Advertinsje)