Ferskate lytse ûngelokken yn de provinsje troch de glêde diken

09 jan 2021 - 09:05

Troch de glêdens hawwe der ferskate lytsere ûngelokken west yn de provinsje. Sa binne de helptsjinsten alarmearre foar in ûngelok by de buorskip Oerterper Fallaat yn Drachten, dêr't ferskate scooters ûnderút giene. Op de rotonde by de Lavendelheide moast in bestjoerder fan in scooter troch ambulânsepersoniel kontrolearre wurde nei it fallen. Ferfier nei it sikehûs wie net nedich.

Ferskate lytse ungelokken

Fierder hawwe der ferskate glydpartijen west: sa binne by Burgum in auto en by Grou in buske yn de sleat bedarre troch de glêde diken. Ek by De Himrik en by Hilaard binne auto's fan de dyk rekke.

Carolien Fischer fan Rykswettersteat en Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)