Winterkuier yn Bantegea trochskood fanwege corona

09 jan 2021 - 08:51

Gewoanwei hie sneon de jierlikse winterkuier yn Bantegea west, mar fanwege de coronamaatregels giet it dit jier net troch. Dizze 'Winterwandeling Bantega' soe foar de sechde kear holden wurde, mar de kuier wurdt no trochskood.

Foto: Google Street View

De kuier rint oars 10 kilometer om it doarp hinne en dêrby wurde der ferskate dingen organisearre, lykas muzyk, toaniel, 'koek-en-zopie' en in merk. De winterkuier wurdt gewoanwei organisearre troch ferskate ferieningen yn it doarp, lykas Oranjevereniging Bantega, Iepenloftspul Bantega, toanielferiening Op nij Feriene, Sjongersnocht, iisklup De Polder en doarpssintrum SCC De Pomp.

"De organisatie van Winterwandeling Bantega gaat bekijken of de wandeltocht later in het jaar kan plaatsvinden. Wanneer hier meer bekend over is, laten we dit natuurlijk weten," sa skriuwt Oranjevereniging Bantega op sosjale media.

(Advertinsje)
(Advertinsje)