Plysje De Fryske Marren efter Frânske auto's oan mei selde kentekenplaat

09 jan 2021 - 08:34

Plysjeminsken fan gemeente De Fryske Marren kamen freed op de A6 tusken De Jouwer en De Lemmer trije auto's tsjin mei deselde kentekenplaat. It die bliken dat it om Frânske hannelerskentekenplaten giet, dy't yn Nederlân net tastien binne. Om't ditsoarte auto's ek faak by kriminele aktiviteiten brûkt wurdt, hawwe de plysjemynsken de weinen úteinlik by Almere oan de kant set.

Foto: Politie De Fryske Marren

De bestjoerders hawwe in boete krigen foar it te hurd riden en foar it riden mei kentekenplaten dy't net jildich binne. De platen binne yn beslach nommen. Ek moat de eigener fan de auto's jildige kentekenplaten regelje om de auto's dochs noch yn Frankryk te krijen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)