Kollum: "Trompet yn Krakau"

09 jan 2021 - 08:21

"Op 5 desimber 2019 wie de wrâld krekt itselde as no, mar dochs hiel oars. Wy wiene dy deis oankaam yn it Poalske Krakau foar in besite oan ús âldste dochter, dy't dêr in healjier studearre. De tombola oan dingen dy't barre soenen yn it jier 2020 wiene ús en de wrâld noch net bekend.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It wie dus in reiske nei in stêd mei histoarje. Der wie in grutte krystmerk, der baarnden oeral fleurige ljochtsjes en Auschwitz-Birkenau sil my altyd bybliuwe as in plak dêr't wy as frije westerlingen eins ferplichte in kear hinne moatte soenen. Ek it fabryk fan Oscar Schindler is sa'n plak. De grouwélichheden yn de Joadske getto binne dêr hast fielber.

De dochter wie ús gids yn de stêd. Sy wist aardige kafees dêr't je foar in pear sinten lekker ite koenen en wy hawwe in soad sjoen. Ik bin gek op moaie ferhalen en yn Krakau is njonken alle ellinde út de Twadde Wrâldkriich ek in soad moais op te tekenjen. En ek te hearren. As je oer de merk rinne, is der ien ding dat daalks opfalt. As je der foar iepen steane, teminsten. Ien kear yn it oere hearre je dêr it lûd fan in trompet. Dy blaast in nûmer, mar komt net oan de ein ta. Dan hâldt er op. En dat fjouwer kear.

Dat docht er sûnt de 19e iuw 24 oeren deis, 7 dagen yn de wike, 365 dagen yn it jier en 4 kear efter inoar. It lûd komt út de toer fan de Maria-tsjerke. Dêr sit fansels in ferhaal efter. De Hejnal, sa as it stik hjit, waard yn de midsiuwen brûkt om oan te jaan dat de stedspoarten iepen en ticht moasten. En om gefaar te melden. De meldij klonk neffens it ferhaal yn 1241 oer de stêd om te warskôgjen foar in oanfal fan de Tartaren. Healwei it stik waard de trompetspiler troch in pylk yn de hals rekke en hy ferstoar. Mar hy hie genôch noaten oer de stêd blaasd om derfoar te soargjen dat de poarten ticht dien waarden en de oanfal ôfslein waard. Oant safier de leginde.

Sûnt 1927 spilet Radio Krakau om tolve oere middeis it muzykstik ek. Mar dizze wike stie yn De Volkskrant in artikel oer in fakatuere. Jan Sergiel is ien fan de sân trompettisten dy't 24 jier yn ploegetsjinst dizze funksje beklaaide, mar der no mei ophâlde sil. Der wurdt om in opfolger socht. Nei in petear, fitheid- en in muzikale test moatte jo ek gjin hichtefrees hawwe, Poalsk wêze en in strafblêd mei ek net. Dan pas komme jo yn oanmerking foar dizze bysûndere, troch de brânwacht betelle baan. 24 oeren op, 48 oeren frij. Der hat sûnt al dy iuwen dizze kear foar it earst in frou sollisitearre, it wie oant no ta in bolwurk foar manlju. Jo kinne net mear meidwaan, want tiisdei sleat de ynskriuwing.

Ditsoarte tradysjes binne wat my oanbelanget krinten yn de brij as jo it oer eigenheid hawwe. As alles wer in bytsje normaal wurde mei, gean in kear nei Krakau en harkje nei dy trompet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)