Koade oranje foar Fryslân: warskôging foar izel en glêdens

It KNMI hat foar de provinsje Fryslân koade oranje ôfkundige fanwege glêdens troch izel. Dit kin gefaarlik wêze foar minsken dy't de dyk op moatte. It waarynstitút warskôget dan ek om it ryd- en reisgedrach oan te passen.
Update: yntusken is koade oranje net mear fan tapassing, oan de ein fan de moarn hat it KNMI de warskôging ôfskaald nei koade giel
© Omrop Fryslân
Waarman Piet Paulusma mei it waarberjocht fan sneontemoarn 8.00 oere
Yn in noarden hawwe ferskate auto's te lijen hân fan de glêdens. Sa rekke in automobilist freedtejûn fan de N31 by Ljouwert ôf. De bestjoerder bedarre fia in ferkearsbuordsje yn de berm.

Sâlt fuortspield

In soad Fryske gemeenten binne dwaande mei it struien fan sâlt. Neffens de glêdensbestriding fan Waadhoeke kin der troch de reinbuien op guon plakken net genôch sâlt mear op de diken lizze. Benammen klinkertdiken kinne ferriedlik glêd wêze.
Ek op oare plakken yn it noarden en noardeasten fan it lân kin der lokaal izel wêze: foar Drinte, Oerisel, Flevolân en Noard-Hollân jildt sûnt sneontemoarn ek koade oranje. It KNMI ferwachtet dat de glêdens yn de rin fan de moarn wer ferdwynt.