Saakkundige ferwachtet mear bevers yn Fryslân

09 jan 2021 - 07:30

De Zoogdierenvereniging bliuwt hoop hâlden dat der mear bevers nei Fryslân komme. Yn 2014 fêstige ien him of har by de Tsjûkemar en yn 2017 kaam der noch ien by de Makkumer Noardwaard by. Dêrnei bleau it stil.

Saakkundigen ferwachtsje mear bevers yn Fryslân

Yn al dy jierren dat dy earste bever by de Tsjûkemar yn Fryslân omskwalket, hat dit bist in oardel meter hege beverboarch boud fan sân meter grut. Dat bart mei tûken, mar ek mei in soad drek. Sa bliuwt it lekker smûk en waarm binnen, foar it gefal it echt winter wurdt.

Elts jier wurdt de boarch grutter makke en dat bart benammen winterdeis. Simmerdeis swalket it bist in soad oer de Fryske marren. Op ferskate plakken is goed te sjen dat der in bever los gien is op de beammen en tûken. De bast en ek de tûken fan sêfte beamsoarten wurde opiten. En om dêr by komme te kinnen, wolle sy noch wolris in beam nei ûnderen helje as it moat.

Fakânsjewenning

De bever yn Makkum bliuwt folle mear op ien plak: nammentlik by de Iselmarkust del yn it natuergebiet fan It Fryske Gea. Dit bist bout ek gjin boarch, mar hat in hol makke ûnder wetter. Omdat de wetterkearing hjir hiel breed is, kin dat gjin kwea. Mar as de bever dat op in mear kwetsber plak docht, dan wurdt er ferjage. It hol sit deun foar in fakânsjewente op rekreaasjesintrum De Holle Poarte oer.

In bever hat mei dizze beam by Makkum oan 'e gong west - Foto: Omrop Fryslân

Yn bygelyks Drinte soarget de bever wolris foar wat skea en ek yn oare parten fan ús lân wurde sy bytiden wolris as in pleach sjoen. Sa fier is it yn Fryslân grif noch net. Al hat Harrie Bosma fan de Zoogdierenvereniging wol hoop dat der noch wat bykomme. Want rûnom Fryslân hinne der hieltyd mear bevers by. Benammen it Lauwersmargebiet en it Fochtelerfean kinne gaadlike gebieten wêze om Fryslân yn te kommen.

Harrie Bosma fan de Zoogdiervereniging

(Advertinsje)
(Advertinsje)