Ferlies tsjin FC Volendam soer foar SC Cambuur: "Der hearde net in winner te wêzen"

09 jan 2021 - 00:39

Nei acht oerwinnings op rige hat SC Cambuur wer ris ferlern. FC Volendam wie mei 1-0 te sterk yn Ljouwert. It bysûndere is dat Cambuur, nettsjinsteande de nederlaach, wol winner wurden is fan de twadde perioadetitel. De konkurrinsje ferspile nammentlik ek punten. Ek de earste perioade waard al wûn troch de Ljouwerters.

Trainer Henk de Jong

De priis foar de twadde perioade waard nei de nederlaach fuortendaliks útrikt. Wol wat nuver foar trainer Henk de Jong. "Dat fielde hiel raar. Mar we ha it wol ophelle, want we ha in priis. We ha de earste priis en no ha we de twadde priis ek. Dus we stean der goed foar. Allinnich nei in nederlaach is kut."

Neffens De Jong giene Cambuur en Volendam lyk op yn de wedstriid. "Der hearde net in winner te wêzen, fyn ik. Dan ferliest 'm en dan fielt dat klote. Mar it is wol de realiteit, want it binne topwedstriden en dy kinst ek in kear ferlieze."

Trije minuten foar tiid krigen de Ljouwerters it tsjindoelpunt fan Volendam om de earen en dat makke it ekstra soer foar De Jong. "Wy leverje de bal hiel maklik yn en dan leit it ynienen iepen. Dan moat der dutsen wurde foar de goal, foar je libben, en dat diene we net goed. En dan sjit der sa ien binnen."

Mees Hoedemakers

Teloarstelling oer it ferlies ek by Mees Hoedemakers. Dochs is de Cambuur-spiler foaral grutsk dat se opnij in priis ophelje koene nei de wedstriid. "Het was een zware pot, dus ik zat even rustig op mijn stoeltje. Trots dat we dit met dit team hebben kunnen bewerkstelligen. De eerste periode gewonnen en nu ook nog de tweede. Natuurlijk jammer van vandaag, het is niet leuk dat we hier nu verliezen. Dat hadden we ook zeker niet gewild. Maar we mogen zeker trots zijn op deze prestatie, om de eerste en tweede periode allebei te winnen."

Cambuur stiet noch altyd fier foar op de oare klups. "Maar we willen natuurlijk elke wedstrijd winnen", fersuchtet Hoedemakers. "Dit verlies had niet gehoeven, maar we moeten door. We gaan ook door."

Folgjende wike snein komt Cambuur wer yn aksje. Dan stiet de útwedstriid tsjin NEC op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)