Tûmba-direkteur Antolovic fertelt yn webinar oer har libben yn oarlochstiid yn Kroäsië

08 jan 2021 - 23:13

We kenne har benammen as de direkteur fan Tûmba: Mirka Antolovic. Mar wat net in soad minsken fan har witte, is dat se de Balkanoarloch meimakke hat. No't der yn Kroäsië in swiere ierdbeving west hat, fielt se har roppen har ferhaal oer it lân te dielen. Dat docht se troch tongersdei in webinar te hâlden.

Mirka Antolovic fan Tûmba - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Mirka Antalovic waard berne yn in lyts stedsje yn it noarden fan Bosnië. Mar it libben dêr en de jeugd fan Antalovic waard yn 1992 troch de oarloch ûnderbrutsen. Al betiid yn de oarloch woe har mem dêrom flechtsje. Nei't se inkelde wiken yn in skûlkelder trochbrocht hiene, kamen se fia Slovenië telâne yn de Kroätyske kuststêd Pula. Dêr soe Antalovic in jier wenje, foar't se úteinlik nei Nederlân kaam.

Foto

Dêr yn Pula makke Antalovic ek in foto fan harsels. Dy foto hat se nei it nijs oer de ierdbeving op Facebook set, mei dêrby it ferhaal oer de foto en har tiid yn it lân. "Deze foto was het einde van een onbezorgde jeugd en het begin van even een onzeker bestaan totdat we in Nederland kwamen", seit Antalovic.

De bân mei Kroäsië is noch altiten grut, seit Antolovic. Se is troud yn Kroäsië, har skoanfamylje wennet der. "Door een beslissing van mijn moeder woon ik niet daar, maar hier. Ik heb geluk gehad, ik had net zo goed een van hen kunnen zijn", seit se. Se follet oan: "En dan niet zo cliché als van 'ik had daar geboren kunnen worden'. Maar de kans was heel groot dat ik een van deze mensen was op dit moment. Dat hakte erin."

Webinar

Om no mear oer it ferhaal fan it lân te fertellen, hâldt Antolovic op 14 jannewaris in webinar. "Ik krijg vaak te horen: ik wil meer weten over de geschiedenis, weten hoe het daar zit. Maar die geschiedenis is niet even bij een kopje koffie uit te leggen. En al helemaal niet met een persoonlijk verhaal erbij, want dat is niet iets waar je even leuk over praat."

Se wol ek wat dwaan foar de minsken dy't rekke binne troch de ierdbeving. Sy en har man stypje no twa húshâldens dy't harren hûs kompleet kwytrekke binne troch de natuerramp. Foar dizze famyljes wol se graach jild ynsammelje.

Mirka Antolovic oer har skiednis, dêr't se no in webinar oer hâlde sil

(Advertinsje)
(Advertinsje)