Underwiisskip Wylde Swan lang om let talitten ta Karibyske eilannegroep

08 jan 2021 - 22:27

It tallship Wylde Swan hat tastimming krigen om de Karibyske eilannegroep Saint Vincent en de Grenadines op te meien. It skip lei al fiif dagen foar anker by it út 32 eilannen besteande lân yn ôfwachting fan talitting. Oan board binne 28 learlingen dy't it silend ûnderwiisprogramma Masterskip folgje.

Foto: Masterskip/Wylde Swan

It Karibyske lân is dreech te berikken en hantearret in strang protokol foar ynkommers. "Dat heeft als voordeel dat ze hun grenzen heel goed kunnen bewaken", fertelt direkteur Christophe Meijer fan Masterskip/Wylde Swan. "Dat is dit jaar heel gunstig met corona, en die grenzen bewaken ze ook echt met hand en tand. Je moet ongelooflijk veel testen inleveren en informatie aanleveren van tevoren. Er wordt heel veel gepraat en er komen dokters aan boord om te kijken of het allemaal goed is."

De eilannegroep telde it ôfrûne jier yn totaal 149 coronabesmettingen. Nei in alderlêste test moasten de opfarrenden fan de Wylde Swan noch fiif dagen wachtsje, wylst se de útslach al hiene dat net ien oan board corona hie. No kinne se dan lang om let op ûndersyk út.

De learlingen sille ûnder oare yn de skiednis fan it lân dûke. "Dat de grootste vulkaan op dit moment activiteit vertoont, is een interessante bijkomstigheid voor onze varende school", seit Meijer. "Verder zijn er plekken waar veel te leren valt, die er ook nog eens fantastisch uitzien."

Foto: Masterskip/Wylde Swan

Direkteur Christophe Meijer fan Masterskip/Wylde Swan

(Advertinsje)
(Advertinsje)