Siem de Jong makket debút by SC Hearrenfean tsjin Fortuna Sittard

08 jan 2021 - 21:06

Siem de Jong makket snein syn debút foar SC Hearrenfean. Nei de ekstreem koarte winterbreak begjinne de Friezen dan oan de twadde seizoenshelte, mei in thúswedstriid tsjin Fortuna Sittard.

Siem de Jong

De Jong komt as oanfallende middenfjilder op it plak te stean fan Oliver Batista Meier, dy't op de bank begjint. Johnny Jansen: "Siem is tactisch heel sterk en kan echt een verlengstuk worden van de technische staf, maar bovenal kan hij gewoon goed voetballen."

Ofrûne wike wienen der bylden fan in training te sjen, dêr't Siem de Jong by in frije traap de bal hurd yn de krusing skeat. "Joey begint al een beetje te zweten", laket de trainer. "Maar een beetje druk is voor hem ook wel goed. Het maakt mij niet uit wie 'm neemt, als ie er maar in gaat!"

Foto: René Wiegmink / ProNews

Johnny Jansen moat yn alle gefallen twa spilers fan de A-seleksje misse fanwege corona. Om privacyredenen makket de klup net bekend wa't it binne. Sneon komt de útslach fan de lêste tests, der soenen noch mear besmettingen by komme kinne.

Fortuna Sittard

Fortuna stiet op it 13e plak. Ut de lêste fjouwer wedstriden foar de winterstop hellen de Limboargers mar leafst 10 punten. Sa wûn de ploech fan Willem II, Heracles Almelo en RKC Waalwijk, en spile it mei 1-1 lyk tsjin FC Utrecht.

"Ze spelen wat volwassener dan aan het begin van het seizoen. Hun speelplan is herkenbaar en ziet er heel aardig uit. Er is veel beweging op het middenveld en Flemming zorgt voor de diepgang. Polter is een sterk aanspeelpunt en Semedo heeft veel snelheid. En dan is er nog Cox, die graag opkomt en z'n doelpuntjes meepikt", sa analysearret Jansen.

Aktyf op de transfermerk

Sûnt ôfrûne moandei is de transfermerk wer iepen en SC Hearrenfean is behoarlik aktyf. Neidat earder Siem de Jong, doelman Ariel Harusk, Tibor Halilovic en Syb van Ottele fêstlein binne, hat technysk manager Gerry Hamstra no it each fallen litten op de Sweedske linksback Rami Kaib.

Gerry Hamstra

Kaib (23) stiet no ûnder kontrakt by Elfsborg en dat rint troch oant 31 desimber 2021. Hearrenfean sil dus in transfersom betelje moatte foar Kaib, as dy de konkurrinsje oangean moat mei Lucas Woudenberg.

Ferwachte opstelling: Mulder, Akujobi, Van Hecke, Bochniewicz, Woudenberg, Kongolo, J. Veerman, De Jong, Nygren, H. Veerman en Van Bergen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)