Op Flylân oanspielde potfisk wurdt ûndersocht: "We willen ziekte uitsluiten als oorzaak"

08 jan 2021 - 20:56

De hiele dei ha spesjalisten dwaande west om de potfisk dy't op Flylân oanspield is, heger it strân op te lûken. Sa kinne ûndersikers der makliker by op de Vliehors, mar it kealle swier. Lonneke IJsseldijk fan de Universiteit fan Utrecht, ien fan de minsken dy't de potfisk ûndersykje sil, hopet sneon los te kinnen. It kadaver is no noch yntakt, mar neffens IJsseldijk duorret dat net lang mear.

Op Flylân oanspielde potfisk wurdt ûndersocht

IJsseldijk sil mei studinten Diergeneeskunde seksje ferrjochtsje op de potfisk. Neffens har is it in moaie kâns om ûndersyk te dwaan. "Iedere walvis is een buitenkans. Grote walvisstrandingen zijn nog steeds best wel uniek. Wij krijgen één, twee keer die kans en soms gaat het om dieren die aanspoelen, maar al langer dood zijn en dus al rot zijn. Een heel vers exemplaar als deze is dan veel mooier, daar kunnen we veel meer aan zien en ook veel meer mee doen."

De potfisk wurdt sneon yn stikken snien om it ferfier en it ûndersyk makliker te meitsjen. De ûndersikers helpe de minsken dy't it bist bergje moatte. "De aannemer neemt groffer materiaal mee en dan gaan we het dier in hapklare brokken in destructiebakken plaatsen, zodat het uiteindelijk verwerkt kan worden bij de destructie. Ja, het wordt groene energie, dat is wat er mee gebeurt."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De ûndersikers wolle witte wat de oarsaak west hat dat de potfisk oanspield is op Flylân. "Ging het om een gezond dier of een dier dat misschien ziek was. Dat hij daarom hier kwam liggen. We willen ziekte uitsluiten als oorzaak", seit IJsseldijk. Ek wurdt der sjoen oft it bist plastic yn de mage hat.

Lonneke IJsseldijk fan de Universiteit Utrecht

Trefwurden: 
potfisk Flylân ûndersyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)