Fryslân hat noch coronafaksins: soarchmeiwurkers dy't in prik ha wolle, kinne har melde

Yn tsjinstelling tot oare regio's is der yn Fryslân noch romte foar soarchmeiwurkers om har fakinsearje te litten. Dat meldt de Fryske GGD. Dy ropt meiwurkers fan fersoargings- en ferpleechhûzen op om har sa gau as mooglik te melden, as se in útnûging krigen ha foar in faksinaasje. As se har net melde, kinne soarchmeiwurkers út oare provinsjes it faksin krije.
© Omrop Fryslân
Neffens de GGD binne der ûngefear 14.000 meiwurkers yn de Fryske fersoargings- en ferpleechhûzen. De helte dêrfan (7.000) hat in útnûging krigen foar in yninting yn it WTC Expo yn Ljouwert. Earder op de dei melde de GGD dat 3.600 minsken har meld ha foar in faksinaasje. Neffens in wurdfierder binne dat der no in lytse 6.000.
Soarchmeiwurkers út oare regio's kinne ek in ôfspraak meitsje yn Fryslân. As dy har hjir oanmelde, omdat der yn de eigen regio gjin romte mear is, bestiet de kâns dat der aanst foar de Fryske soarchmeiwurkers gjin romte mear is, ek as se wol in útnûging foar in faksinaasje krigen ha. Neffens de GGD is de animo foar it faksin yn it hiele lân grut.
In ferpleechkundige op de spoedeaskjende help fan it Ljouwerter sikehûs MCL wie de earste Fryske soarchmeiwurker dy't yninte waard tsjin it coronafirus. Mei longdokter Wouter van Geffen en medysk sjoernalist Martine van der Steege fan Omrop Fryslân seagen we twa dagen lyn werom op dat kearpunt yn de firusoanpak.