2020 wie it waarmste jier ea yn Europa, mar Fryske natuer stiet te springen om froast

08 jan 2021 - 19:24

In hjitteweach yn augustus en bakken mei wetter yn desimber: 2020 wie it waarmste jier yn Europa ea, sa stelt it Europeeske waarynstitút Copernicus fêst. Dat hat net allinnich grutte gefolgen foar de natuer, mar ek foar de ûnderhâldwurksumheden fan Steatsboskbehear. Yn natuergebiet Blaugerzen by Akmaryp moat eins meand wurde om de greidefûgels takom maitiid in moai ûnderkommen te jaan. Mar troch al it wetter op de greide, wurdt meane dreech.

Waarmste jier ea metten

"Kijk, hier zie je wat ik bedoel", seit boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskehear. Mei grutte, griene learzens banjeret hy troch it wetter oer de greide. It wetter stiet oant de ankels. Van der Veen rint in stikje rjochting de eachein, mar bliuwt dan stean by in grien, reideftich plantsje. "Dit is pitrus", seit de boskwachter, wylst hy in boskje út de grûn lûkt.

"Deze plant willen we weg hebben als het voorjaar begint, want dan kunnen weidevogels hier rustig broeden. Die vinden een kale vlakte beter dan allemaal planten er nog tussen." Om dy keale flakte te krijen, moat der meand wurde. Dêr is froast foar nedich, want no rinne de trekkers fêst. De greide is te grut om alles mei de hân te dwaan. "Het feit dat we hier niet kunnen maaien, daar lopen we vaker tegenaan de laatste jaren", seit Van der Veen.

Pitrus by Akmaryp - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

De Blaugerzen by Akmaryp is ien grut swimbad

It wie ferline jier mei 11,7 graden gemiddeld 0,4 graad waarmer as yn 2019. Dat wie it âlde rekôrjier. 2014 bliuwt lykwols noch hieltyd it waarmste Fryske jier ea. Dêr bleau 2020 noch mei 0,1 graad ûnder. Mar it binne wol allegear rekôrs de lêste jierren.

"Dat seit dat we hieltyd mear ekstreme waarsomstannichheden krije", seit waarman Piet Paulusma. "In hjitteweach yn augustus en bakken wetter yn desimber, dêr moatte je dan oan tinke. Mar dat seit net dat der nea mear froast komt, want we ferwachtsje de kommende moannen noch wol wat."

Foar Steatsboskbehear sil dat goed útkomme, want dan kinne sy de greide klearmeitsje foar takom maitiid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)