Man (66) ferstoarn by ûngelok tusken Burgum en Suwâld

08 jan 2021 - 17:42

In man fan 66 jier âld is om it libben kaam by in ûngelok tusken Burgum en Suwâld. Dat meldt de plysje. It slachtoffer rekke mei de auto fan de dyk en bedarre yn de sleat. It gie om in iensidich ûngelok. Dat wie oan de Mûntsewei.

Foto: Noordernieuws/De Vries Media

It slachtoffer is in man út de gemeente Tytsjerksteradiel. It is noch net dúdlik hoe't er mei de auto yn de feart bedarre. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
ûngelok Burgum Mûntsewei
(Advertinsje)
(Advertinsje)