Goudzwaard: Fryske fraksje 'Forum' wit noch net hoe't it fierder moat

08 jan 2021 - 17:39

De Fryske Steatefraksje dy't him ôfsplitst hat fan Forum voor Democratie wit noch net hoe't it fierder moat, no't ien fan de fraksjeleden dochs op de lanlike list stiet fan Forum voor Democratie. Dat seit fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard. Sels hat er him oansletten by in oare partij, dêr't er ek op de lanlike list fan stiet.

Ein ferline jier wie der rebûlje by Forum voor Democratie, nei rasistyske en homofobe berjochten by de jongereinôfdieling. Tal fan politisy ferlieten de partij. Pommeranten Joost Eerdmans en Annabel Nanninga rjochten JA21 op. De Fryske fraksjefoarsitter Maarten Goudzwaard hat him by dy partij oansletten. It Fryske Steatelid Erwin Jousma stiet foar Forum voor Democratie op de lanlike kandidatelist.

"We sykje noch nei in wurksume foarm foar ús fraksje", seit Maarten Goudzwaard yn It Polytburo. Dat Jousma weromgien is nei de nasjonale fraksje fan Forum voor Democratie, seach er wol oankommen, seit er, mar it soarget net foar twaspjalt yn de Steaten. "We ha altyd moai gearwurke," seit Goudzwaard, "en we sjogge genôch oanknopingspunten om mei-inoar troch te wurkjen. It ferkiezingsprogramma fan Forum voor Democratie is yn de basis goed."

By de Steateferkiezingen fan 2019 wie Forum voor Democratie de grutste winner. As nijkommer krige dy partij fuortendaliks seis sitten, en dêrmei wie de partij de ien-nei-grutste fan de provinsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)