Fideodeiboek: Hoe ferrûn de start fan de faksinaasje by sikehûs Tjongerschans?

Nei it MCL yn Ljouwert is freed ek by de oare trije Fryske sikehuzen, Tjongerschans, Nij Smellinghe en Antonius, de earste prik tsjin it coronafirus set by it personiel. In dei wêrnei't in hiel soad meiwurkers útsjoen ha. Elco Spoelstra fan Tjongerschans op It Hearrenfean naam ús foar syn fideodeiboek mei efter de skermen fan it sikehûs. Yn totaal wurde dêr mear as twahûndert minsken faksinearre.
Fideodeiboek: Earste faksinaasje Tjongerschans
Mear vlogs fan Elco Spoelstra en de oare vloggers fan de rige Berjochten út it hert sjen? Dat kin fia dizze dossierside.