Omwenners dongbedriuw Wâlterswâld nei Ried fan Steat fanwege útwreiding

08 jan 2021 - 16:51

Omwenners fan Mestverwerking Fryslân yn Wâlterswâld wolle net dat it bedriuw mear hinnestront ferwurket as 95.000 ton it jier. De provinsje hat lykwols in fergunning ferliend foar in útwreiding oant 250.000 ton it jier, dêrom binne de omwenners nei de Ried fan Steat stapt.

Mestverwerking Fryslân yn Wâlterswâld - Foto: Google Streetview

Neffens omjouwingstsjinst FUMO foldocht de dongferwurker ek nei it útwreidzjen oan de stanknoarmen. Ek de opslachkapasiteit fan it bedriuw oan de Broekloane soe net leger hoege. De advokaat fan de omwenners fynt lykwols dat de fergunning net oan it Fryske geurbelied foldocht.

It bedriuw sels stelt dat de 95.000 ton it jier noch net iens helle wurdt. Dêrom fynt it bedriuw ek net nedich om maatregels te treffen. De útspraak fan de Ried fan Steat folget oer twa wiken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)