Oardel jier sel easke tsjin Ljouwerter foar mishanneljen eigen frou

08 jan 2021 - 16:19

De rjochtbank yn Ljouwert hat in finzenisstraf fan oardel jier easke tsjin in 47-jierrige man fan Ljouwert. Hy wurdt der fan fertocht dat hy syn frou yn 2019 en 2020 stelselmjittich mishannele hat.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De frou is slim ferwûne rekke by de mishannelingen: sy rûn in brutsen ribbe en blauwe eagen op. De man hat har slein mei syn hannen en fûsten, tsjin de grûn smiten en oan de hieren lutsen. Ek hat er har ferskate kearen by de kiel pakt.

It slachtoffer hat úteinlik oanjefte dien tsjin har man. De fertochte ûntkent alles, mar fanwege medyske rapporten en tsûgen tinkt de offisier fan jusysje genôch bewiis te hawwen. Op 22 jannewaris docht de rjochtbank útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)