Twa jier sel easke tsjin ynwenner Tsjom (37) fanwege mishanneling

It Iepenbier Ministearje hat twa jier sel easke tsjin in 37-jierrige ynwenner fan Tsjom. De man is yn augustus ferline jier it hûs fan in Harnzer binnen stoarme en hat de bewenner mishannele. De fertochte wie bot ûnder ynfloed fan alkohol en kokaïne.
© Omrop Fryslân
De fertochte hat de man tsjin de grûn slein omdat er noch jild krije soe. Neffens saakkundigen moat de man in alkohol- en drugsferbod en in behanneling krije. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.