Sjinkie Knegt wol, Daan Breeuwsma net nei EK shorttrack

08 jan 2021 - 15:52

Sjinkie Knegt docht oer twa wiken mei oan it Europeesk kampioenskip shorttrack. De Bantegeaster hat it tredde en lêste oanwiisplak krigen fan de seleksjekommisje. By de manlju wiene Ljouwerter Itzhak de Laat en Dylan Hoogerwerf al wis fan in EK-ticket. By de froulju jildt dat foar Suzanne Schulting. Xandra Velzeboer en Selma Poutsma folje de twa oare yndividuele startplakken yn.

Foto: Orange Pictures

Opfallend is dat Daan Breeuwsma net selektearre is, ek net foar de relay. De Boarnster sei snein noch nei it NK allround dat er him dêr gjin soargen oer makke. Mar bûnscoach Jeroen Otter en de oare leden fan de seleksjekommisje hawwe keazen foar Jens van 't Wout en Friso Emons op de relay.

Rianne de Vries mei ek yn aksje komme op de relay. Tegearre mei George Dalrymple makket se de frouljusploech kompleet foar it Europeesk kampioenskip.

It Europeesk kampioenskip shorttrack is oer twa wiken, fan 22 oant en mei 24 jannewaris, yn it Poalske Gdansk.

EK-seleksje:

Manlju yndividueel: Itzhak de Laat, Dylan Hoogerwerf en Sjinkie Knegt.

Manlju relay: Itzhak de Laat, Dylan Hoogerwerf, Sjinkie Knegt, Jens van 't Wout en Friso Emons. (Melle van 't Wout is reserve)

Froulju yndividueel: Suzanne Schulting, Xandra Velzeboer en Selma Poutsma.

Froulju relay: Suzanne Schulting, Xandra Velzeboer, Selma Poutsma, Rianne de Vries en Georgie Dalrymple. (Yara van Kerkhof is reserve)

Daan Breeuwsma

"Hiel ferfelend"

Breeuwsma baalt dat de jongere riders op de relay de kâns krije. "Ik snap it idee derefter wol, mar nei myn idee is in EK in titeltoernoai en dêr moast gewoan mei dyn sterkste groep hinne", fertelt de rûtinier. Sûnt hy yn 2008 by de nasjonale seleksje siet, hat hy noch nea in EK mist. Dit wurdt syn earste: "It is hiel ferfelend. Seker yn sa'n seizoen mei hast gjin wedstriden, wolst in moaie wedstriid ride."

Oer twa moannen is yn Nederlân boppedat ek noch it wrâldkampioenskip. Wat betsjut dit dan foar de WK-seleksje? "Se seine dat ik der seker by sitten hie as it it WK west hie. Mar dêr kin ik no net safolle mei. Je moatte ek mar ôfwachtsje oft dat wol trochgiet", sa lit in teloarstelde Breeuwsma witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)