Man ferstoarn by ûngelok yn bedriuwsgebou Drachten

By in ûngelok yn in bedriuwsgebou yn Drachten is in man om it libben kaam. De man soe fan in ljedder fallen wêze. It slachtoffer is op it plak fan it ûngelok behannele, en ûnder begelieding fan de plysje nei it sikehûs brocht.
© SRFotografie
It ûngelok wie freedtemiddei by in bedriuw oan de Janssenlaan yn Drachten. Dêr stiene twa ambulânses en in traumahelikopter. Earder op de dei melde de plysje dat it slachtoffer by in fal slim ferwûne rekke wie. Yntusken is dúdlik dat er ferstoarn is.