Man út Kollumersweach (28) rydt mei drugs op en feroarsaket ûngelok

08 jan 2021 - 15:27

In automobilist fan 28 jier út Kollumersweach, dy't ûnder ynfloed wie fan amfetamine, hat yn Ljouwert in ferkearsûngelok feroarsake. Op it Blokhúsplein ried er in 36-jierrige fytser út Ljouwert oan.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De fytser kaam er goed foar wei, mar de automobilist wie trochriden. In healoerke letter waard er opheine yn De Westereen. Mei in flibetest kaam de plysje der efter dat er ûnder ynfloed wie fan amfetamine. Hy is oanholden meinaam nei it buro. De man hat in rydferbod foar in dei krigen en in proses-ferbaal omdat er trochriden wie nei it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)