Rekôrtal nije besmettingen meld nei ynhelslach by GGD

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 325 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat meldt it RIVM. Noch nea earder hat it RIVM op ien dei safolle nije besmettingen meld yn Fryslân. Dat it sa'n soad binne, komt omdat der earder dizze wike in systeemsteuring wie. De GGD Fryslân makket no in ynhelslach.
Rekôrtal nije besmettingen meld
Troch de steuring waarden earder dizze wike minder besmettingen meld. It deistige trochsneed is de ôfrûne wike 252. Dat trochsneed skommelet al wiken om de 250 hinne.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

Measten yn Súdwest

De measte besmettingen binne it ôfrûne etmiel fêststeld yn de gemeente Súdwest-Fryslân, nammentlik 62. Dêrnei komt Ljouwert (42). Yn de noardeasthoeke fan de provinsje binne yn ferhâlding ek in soad besmettingen: 34 yn Dantumadiel en 30 yn Noardeast-Fryslân.
Op Skylge wiene it, nei in ekstreme wike, no minder: twa.
Yn Fryslân binne fjouwer nije stjergefallen meld as gefolch fan corona, yn de gemeenten Smellingerlân, Dantumadiel, Súdwest-Fryslân en Noardeast-Fryslân. Der binne ek fjouwer Friezen yn it sikehûs rekke mei corona, dat binne ynwenners fan Opsterlân, Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren en Noardeast-Fryslân.

Lanlik mear as trochsneed

Yn hiel Nederlân binne de ôfrûne 24 oeren 8.169 nije coronagefallen registrearre. Dat binne minder as tongersdei, mar wol mear as it trochsneed fan de ôfrûne wike, doe't der alle dagen sa'n 7.700 besmettingen bykamen.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.