Soargen by polityk oer swimbaden yn Noardeast-Fryslân

08 jan 2021 - 15:09

De partij Sociaal in Noardeast-Fryslân makket him soargen oer de swimbaden yn Noardeast-Fryslân. Sa kaam tongersdei it berjocht dat it swimbad yn Burdaard kopke ûnder driget te gean, mar ek oare swimbaden hawwe it dreech. De fraksje fan de partij hat tongersdeitejûn fragen steld oan it kollege fan boargemaster en wethâlders.

Foto: Shutterstock.com

Net allinnich misse de swimbaden ynkomsten, mar ek is der noed dat bern harren feardigens ferlieze. Dêrby folje swimbaden ek in sosjale funksje, bygelyks foar de âlderein dat it swimbad brûkt foar needsaaklike beweging.

S!N freget ûnder oare oft it kollege ree is om 'de swimbaden yn Noardeast-Fryslân in rêdingsboei ta te smiten'. De partij hopet dat der op koarte termyn stipe fan it kollege komt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)