Hynstekeuring trije dagen live te folgjen by Omrop Fryslân

10 jan 2021 - 12:34

De Hynstekeuring yn Drachten is trije dagen live te folgen by Omrop Fryslân. It evenemint is op 14, 15 en 16 jannewaris, mar troch de coronamaatregels kin der gjin publyk by wêze. By ús is it lykwols streekrjocht te sjen: online binne der livestreams yn meardere talen en de finaledei is folslein op telefyzje te sjen.

Hynstekeuring - Foto: Omrop Fryslân

De organisaasje fan it evenemint leit yn hannen fan Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek. Leafhawwers fan oer de hiele wrâld kinne de prachtige hynders streekrjocht folgje by Omrop Fryslân.

De livestreams binne op de dagen fan de Hynstekeuring te finen op omropfryslan.nl en op de Omrop-app. Op sneon 16 jannewaris is de finale op telefyzje te sjen, mei kommentaar fan presintator Gerrit de Boer en saakkundige Henk Dijkstra.

It programma

Op tongersdei 14 en freed 15 jannewaris stiet de twadde besichtiging fan de jonge hynsten sintraal. Nei de earste besichtiging healwei desimber binne der 112 hynsten opnommen yn de seleksje foar stap twa op wei nei in mooglike karriêre as stamboekhynst.

Sneon 16 jannewaris barst de striid tusken de stamboekhynsten los. Wa wurdt by de bysûndere edysje fan dit jier de kampioen? Yn it programma fan sneon is ek in tal nijsgjirrige items te sjen.

Hynstekeuring 2021 by Omrop Fryslân

In oersjoch fan wat der by Omrop Fryslân te sjen is:

  • 14 & 15 jannewaris: fan 09.30 oere ôf fia de online livestreams
  • 16 jannewaris: fan 09.00 oere ôf op telefyzje en fia online livestreams
  • 16 jannewaris: om 21.00 oere en 17 jannewaris om 09.00 en 11.00 oere in kompilaasje op tv, jûns ek noch in koartere kompilaasje fan 17.30 oere ôf
  • It tv-programma HEA! sjocht foarút op de Hynstekeuring mei reportaazjes oer 'hynstefamke' Anna Maaike Fokkema en hynst Beart 411. Ek yn oare programma's en online binne moaie ferhalen te hearren en te sjen om de Hynstekeuring hinne, bygelyks oer foarbringers.

Sjoch foar mear ynformaasje en alles oer it Frysk hynder op omropfryslan.nl/hynstekeuring. Mear ynformaasje oer it programma fan de Hynstekeuring is te finen op www.kfps.nl.

De Hynstekeuring yn 2019 - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)