Kommissaris Brok set krityske noat by coronabelied Den Haag

08 jan 2021 - 14:45

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat yn syn tradisjonele nijjierstaspraak krityske kanttekeningen set by it coronabelied fan it regear yn Den Haag. Neffens Brok is it opfallend dat wurden as 'nagelstudio' en 'massagesalon' op parsekonferinsjes oer de coronamaatregels faker fallen binne as wurden as 'museum' en 'creatieve sector'.

Arno Brok by syn nijjierstaspraak yn 2019 - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Unbegryplik!"

Brok syn taspraak wie online. Dat 'museum' en 'creatieve sector' minder faak neamd wurde fynt de kommissaris nuver.
"Unbegryplik! Want kultuer is de humuslaach fan de maatskippij. It soarget foar soerstof foar de geast," stelt Brok.

"Eltsenien hat langstme nei ús iepenloftspullen, konserten, it skûtsjesilen en musea. Ik hoopje dat kultuereveneminten ús libben dit jier op 'e nij kleur jaan sille."

'Rykshear' Brok die syn taspraak út de steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert wei: "Op 3 maart is it 125 jier lyn dat kommissaris fan de Keninginne Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten dizze Steateseal iepene. Noch altyd ien fan de moaiste monumintale romten yn ús provinsje. Dit is it plak dêr't ús provinsjale parlemint, de Provinsjale Steaten, besluten oer de takomst fan ús provinsje nimt," sei Brok.

Hy besleat syn taspraak mei in nijjierswinsk: "Ut namme fan it kolleezje fan Deputearre Steaten winskje ik jo foar it nije jier sûnens en lok ta. Fanút myn persoanlik perspektyf: seine. Ik hoopje dat wy inoar yn 2021 wer fysyk moetsje meie yn de provinsje dy't ús bynt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)