Freedsmerk oer de rebûlje yn de Feriene Steaten: "Soks kin hjir ek barre"

08 jan 2021 - 14:27

It like ûnbesteanber, mar it barde al: de bestoarming fan it Kapitoal, it sintrum fan de Amerikaanske demokrasy. Op de fraach oft soks hjir ek barre kin, kaam in grut ferskaat oan reaksjes. "Soks kin hjir ek, wy hawwe hjir ek fan dy koartkoppen!", tocht de poelier.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De poelier wiisde ek noch op de rebûlje om âld en nij hinne op guon plakken. Oaren tinke krekt dat we hjir fierstente nuchter binne en dat it ús folksaard net is: "De mentaliteit hier is echt anders, hoor!"

In oar neamde as foarbyld fan útbarstingen hjir, de boereprotesten wêrby't bygelyks yn Grins de doar fan it Provinsjehûs foarsearre waard. Ek oare foarmen fan lilkens ûnder de befolking as de taslagge-affêre, de ierdskoddingen yn Grinslân en de hieltyd gruttere ferskillen tusken earm en ryk waarden neamd: saken dêr't boargers lilk om binne. "Het is de frustratie van het niet gehoord worden. Dan roep je al gauw: ze doen maar wat, bij die overheid...".

Dochs wie de mearderheid fan miening dat it hjir wol wat tafalle sil, "Mar wês wach, de demokrasy kin hjir ek stikken, fansels!"

Ferslachjouwer René Koster op de Ljouwerter freedsmerk

Trefwurden: 
freedsmerk Amearika
(Advertinsje)
(Advertinsje)