Deadlik stekynsidint Toppenhuzen yn april foar de rjochter

De 36-jierrige man fan Toppenhuzen dy't op 23 april foarich jier syn eigen frou deade hawwe soe, moat op 2 april foar de rjochtbank ferskine. Hy stiet terjochte foar it besykjen ta moard dan wol deaslach. Dat is freed bekend makke op in pro-formasitting yn de Ljouwerter rjochtbank.
© De Vries Media
De man soe syn frou mei in mes stutsen hawwe. Syn advokaat fertelde op in earder pro-formasitting dat it stekynsidint nei in rûzje plakfûn hawwe soe. De fertochte hat goed meiwurke oan it plysje-ûndersyk.
De fertochte wie freed sels net yn de rjochtbank. Hy waard ek net fia in fideoferbining heard. De fideoromte yn it Penitentiair Psychiatrisch Centrum (PPC) yn Vught, dêr't hy op it stuit ferbliuwt, wie net beskikber. Utsein de sittingsdatum wie der fierder ek neat te bepraten. It plysje-ûndersyk is ôfrûne, it wachtsjen is op de psychologyske rapporten. De rjochtbank hat it foarriedich fêstsitten fan de fertochte ferlinge.
De man wenne al sa'n fjouwer jier yn Toppenhuzen. Syn frou (31) en twa bern (9 en 7) kamen yn desimber 2019 út Eritrea wei by him wenjen. Neffens syn advokaat docht út ferklearrings fan bekenden bliken dat it "eins in hiel normale famylje" wie. De man ûntflechte Eritrea om't hy as tsjinstplichtige it leger ferlitten hie. Hy soe martele west hawwe.