Kolleezje Hearrenfean: "Eigener sjitbaan Ketlik hie fan fersmoarging witte kinnen"

08 jan 2021 - 14:03

Eigener Marko de Vries fan de eardere sjitbaan yn Ketlik hie witte kinnen wat der yn de grûn siet. Dat skriuwt it kolleezje fan Hearrenfean yn antwurd op fragen fan Heerenveen Lokaal. De Vries kocht de grûn yn 2018. Hy wol der in boartersplak foar bern op meitsje. Dêrfoar is de grûn allinnich te slim fersmoarge mei lead fan de kûgels dy't der ôfsketten binne.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De Vries die al oanjefte tsjin de plysje. Plysjeminsken hawwe de grûn jierren brûkt as sjitbaan. Dêrtroch is it terrein slim fersmoarge. De grûn sit fol mei leaden kûgels. Nei't de plysje der siet, hat der ek in sjitferiening aktyf west. Offisjeel soe de grûn skjinmakke oplevere wêze, mar dat wie net it gefal.

De sanearring soe yn 2006 west hawwe, yn opdracht fan de plysje. De provinsje soe dêr tafersjoch op holden hawwe. Dat is neffens de gemeente yn de perioade nei't de sjitferiening dêr aktyf wie. Dochs waard by in boaiemûndersyk troch Antea en de GGD in slimme leadfersmoarging oantroffen. De konklúzje wie dat it net feilich is dêr bern boartsje te litten.

Foto: Omrop Fryslan

Dy konklúzje ropt by Age Hartsuiker fan Heerenveen Lokaal en Retze van der Honing fan GrienLinks de fraach op wat der dan krekt sanearre is. Van der Honing: "Dêr wol ik sa gau as mooglik dúdlikens oer krije. Want der sitte leaden kûgels yn de grûn. Wat is it effekt op de wetterkwaliteit?"

Dy fraach hat ek Age Hartsuiker. Hy wol ek witte hoe't it kin dat der yn it ferline sketten wurde koe sûnder dat de gemeente dêr sels fan wist. Hartsuiker: "Der wurdt no sein dat der yn in gemeente altyd wol wat plakfine kin dat yllegaal is. Mar dit giet om in sjitterrein fan de plysje." Van der Honing slút him dêr by oan: "Dat is wol ûnbesteanber. Dan hawwe je je taak as tafersjochhâlder net goed útfierd."

Amtners op wiisd

Foar de gemeente Hearrenfean is dan ek helder dat der neat hoecht te feroarjen oan de situaasje fan no. Om't der in natuerbestimming op de grûn leit kin it net brûkt wurde as berneboartersterrein. Dat yn striid is mei de regels. Neffens de gemeente is De Vries der yn it ferline op wiisd troch amtners fan de gemeente.

Foto: Omrop Fryslan

De Vries sels bliuwt derby dat hy de grûn kocht mei as kadasteromskriuwing Sport en Recreatie. "Dat stie sa ek yn it boaiemûndersyk dat ik derby hân haw. Ik haw dus in stik grûn kocht dat foldocht oan de omskriuwing." Boppedat, sa seit De Vries: "It wie skjin, sa sei it boaiemloket. En no witte wy dat hjir noch wol 10.000 kilo oan kûgels leit."

Frustraasje

De frustraasjes by De Vries bliuwe. "It is benammen de ûnwil by safolle minsken. Dat se roppe dat se wat dien hawwe, mar dan bliken docht dat dat net sa is. Je stride tsjin de machtige oerheid. Dat is hiel frustrearjend."

Tongersdei praat de gemeenteried fan Hearrenfean oer dit dossier. Dêr wolle de riedsleden dan helder krije wat de rol fan de gemeente no krekt west hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)