Van Ottele tekenet kontrakt oant mids 2024 by SC Hearrenfean

08 jan 2021 - 14:01

Syb van Ottele komt fuortendaliks oer fan NEC nei SC Hearrenfean. De 18-jierrige Van Ottele wurdt sjoen as in grut talint en krijt dit seizoen de kâns him fierder te ûntwikkeljen. Takom seizoen moat hy dan de ferfanger wurde fan Jan Paul van Hecke dy't werom giet nei Brighton & Hove Albion.

Van Ottele

Van Ottele is dit seizoen definityf trochbrutsen by NEC. De jeugdynternasjonal spile yn totaal njoggen wedstriden foar de nûmer 5 fan de earste difyzje. Earst as middenfjilder, letter waard Van Ottele foaral brûkt as sintrale ferdigener. De lêste dagen trainde Van Ottele al net mear mei de NEC-seleksje mei, omdat trainer Rogier Meijer fûn dat hy te folle mei syn holle by in transfer wie.

Kontrakt oant heal 2024

Van Ottele is oan de ein fan dit seizoen transferfrij, Hearrenfean hie derfoar kieze kind him pas yn de simmer op te pikken. Omdat hy no fuortendaliks de oerstap makket, betellet Hearrenfean in lytse transfersom oan NEC. De jeugdynyternasjonal tekenet yn it Abe Lenstra stadion in kontrakt oant heal 2024.

Technysk manager Gerry Hamstra is bliid mei it fêstlizzen fan Van Ottele. "Syb stond al een tijdje bij ons op de radar. Hij is een talentvolle, moderne en veelzijdige verdediger die ook goed aan de bal is. We zien in hem iemand die zich bij ons verder kan ontwikkelen en uit kan groeien tot een vaste waarde. We zijn blij dat hij voor ons heeft gekozen", sa seit Hamstra op de webside fan Hearrenfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)