In maraton foar KiKa nei ferstjerren omkesizzer: "Sa kin ik wat dwaan"

08 jan 2021 - 13:45

De 26 hurdrinners fan Team Berend sammelje jild yn foar stichting Kinderen Kankervrij troch op 17 april mei te dwaan oan in maraton op Teksel. Inisjatyfnimmer is Jan Willem Sietsma. Syn omkesizzer Berend is ferline jier op 4-jierrige leeftiid ferstoarn oan de gefolgen fan kanker.

Foto: Max Pixel

Doe't it team úteinsette, wie der noch hope dat Berend it oerlibje soe. "Berend is yn maart, yn it begjin fan de coronapandemy, siik wurden. Hy wie doe noch trije", fertelt Sietsma. "Wy hawwe as famylje fansels altyd hoopfol west dat Berend better wurde soe. Hy waard behannele yn it Prinses Máxima Centrum yn Utrecht. Dat hat foar my ek de oanlieding west om my yn te setten foar KiKa. Sy hawwe ien fan de grutte stipers west om dat sintrum te realisearjen."

Machteleas oan de sydline

It waard al rap dúdlik, sa sei syn sus, dat it Prinses Máxima Centrum it bêste plak is om te wêzen ast in bern mei kanker hast. "Doe haw ik tocht: ik besykje om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar KiKa. Dan gean ik myn eigen sûnens fieren troch in maraton te draven. Ik stie foar myn gefoel machteleas oan de sydline. Op dizze wize koe ik dochs noch wat dwaan."

Hurdrinne kin in mooglikheid wêze om je triennen mei te dragen.

Jan Willem Sietsma, inisjatyfnimmer fan Team Berend

Nei it ferstjerren fan Berend oan de gefolgen fan kanker ein oktober, hat de maraton foar Sietsma efkes op in leech pitsje stien, sa fertelt hy. "Mar oan de oare kant hat it ek flink bydroegen oan it ferwurkjen fan it fertriet. Hurdrinne kin ek in mooglikheid wêze om je triennen mei te dragen. Yn dy sin is it foar ús sels, mar ek foar ús teamleden, in hiele moaie wize om dwaande te wêzen, ek mei de eigen sûnens."

Wrâldrekôr op 'e rinbân

It team sels is neffens Sietsma in 'gemêleerd' selskip, mar der is ien dy't der boppe-út springt, sa seit er. "Foar har wie 42 kilometer net genôch. Hinke Schokker hat it inisjatyf naam, sy sei: "Kinne wy ek in wrâldrekôrpoging dwaan?" Sy sil op 10 april, de sneon foar de maraton yn Eastermar in oanfal dwaan op it wrâldrekôr 100 kilometer op de rinbân."

Dat wrâldrekôr stiet op it stuit op sa'n 8,5 oere. "It is in hiel ambisjeuze tiid, want dan moatte je 2,5 maraton rinne yn sa'n 8 oeren. Dat is net foar in protte minsken weilein", sa seit Sietsma.

Jan Willem Sietsma oer #teamBerend

Minsken dy't Team Berend stypje wolle, kinne dat fia de webside fan KiKa dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)