3.600 Fryske soarchmeiwurkers wolle faksin

08 jan 2021 - 13:40

Oant no ta hawwe 3.600 soarchmeiwurkers yn Fryslân har meld foar in faksinaasje, seit de GGD. Noch net eltsenien út dy groep is útnûge troch it RIVM. Yntusken hawwe 900 minsken oanjûn helpe te wollen mei it faksinaasjeprogramma. GGD-direkteur Margreet de Graaf: "It is in grutte operaasje, mar we binne grutsk dat we it dwaan kinne."

Foto: ANP

De Fryske sikehûzen binne dizze wike úteinset mei faksinaasjes. GGD Fryslân begjint op tongersdei 15 jannewaris yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dêr komme meiwurkers fan ferpleechhûzen en lytsskalige wenfoarmen, fan de handicaptesoarch en fan wykferpleging en WMO.

Yn Fryslân binne de ôfrûne wike 1.697 nije besmettingen fêststeld. Yn dy groep wiene hast 400 tusken de 18 en 30 jier. Dat is goed in tredde mear as in wike earder. GGD Fryslân hat dúdlike sinjalen dat de ekstra besmettings in gefolch binne fan feestjes mei de jierwiksel.

Skylge

In opfallend grut part dêrfan treft jongerein op Skylge. Dêr blieken 41 minsken besmet. Neffens GGD-direkteur Margreet de Graaf hat de jongerein inoar opsocht op it Waadeilân. "It is te ferklearjen. Se hawwe de measte lêst fan it isolemint, mar de minste lêst fan it firus." De jongeren nimme dus bewust in risiko. "Mar se kinne noch wol âlderein besmette. Dêrom rop ik harren op dochs noch efkes fol te hâlden."

De ôfrûne wike binne 234 santichplussers troffen troch it firus, in groei fan 11 persint. Yn ferpleech- en fersoargingshûzen rekken 105 bewenners besmet, krekt wat mear as yn de wiken derfoar. It oandiel fan de groepen tusken 40 en 60 jier naam ôf.

Britske fariant

De besmetliker Britske fariant fan it firus dy't foarige wike by in ynwenner fan Fryslân konstatearre is, is net fierder oantroffen yn de provinsje. It is noch ûndúdlik hoe't dizze persoan besmet rekke is. "In ferbân mei Ingelân is net oantroffen. We kinne de boarne noch net fine", ferklearret De Graaf.

"We wachtsje op de útslach fan sequencing, dan dûke we yn in meunster om te sjen hoe't it 'dna' fan it firus der útsjocht. Dat is yngewikkelder as gewoan posityf of negatyf."

Effekt faksinaasje noch net dúdlik

It is noch hieltyd net dúdlik oft ien dy't faksinearre is tsjin it coronafirus oaren noch besmette kin sûnder sels siik te wurden. De kommende tiid moat hjir mear helderheid oer ûntstean. Hoe mear minsken faksinearre binne, hoe mear oft der dúdlik wurdt. "Eltse wike leare wy wer mear en dan passe we ús strategy oan", leit De Graaf út.

It oantal tests naam ôfrûne wike wer ta. By de seis Fryske GGD-lokaasjes lieten 11.204 minsken har kontrolearje, sa'n 500 mear as in wike earder. Om de krystdagen hinne lieten folle minder minsken har teste. "Der binne no wer gelokkich wat mear minsken dy't har kontrolearje litte", seit De Graaf. "Ik hoopje ek dat minsken har teste litten bliuwe om fersprieding foar te kommen. Eltse persoan dy't yn it sikehûs rekket, is ien te folle."

Dizze wike is it ferstjerren fan 17 minsken mei it coronafirus meld by de GGD. Der wiene acht nije opnames yn de Fryske sikehûzen. Yn totaal lizze der op it stuit 102 coronapasjinten yn it sikehûs yn Fryslân. Dat oantal hat noch nea earder sa heech west.

Mei de 1.697 positive tests fan dizze wike binne der no 16.491 ynwenners fan Fryslân posityf test op it coronafirus. Utsein op Skylge (fan 9 nei 41 positive tests) naam it oantal besmettings ek yn benammen Opsterlân en Tytsjerksteradiel foars ta. Yn fiif gemeenten wie sprake fan in delgong.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)