Coronabesmettingen op Skylge troch groepsfoarming eilanner jongelju

08 jan 2021 - 12:36

It relatyf hege tal fan 41 besmettingen op Skylge komt troch in groep jongfolwoeksenen dy't nei it wurk byinoar sitten hawwe. Dat lit boargemaster fan it eilân Caroline van de Pol witte. Sy is teloarsteld: "Je denkt: potdikkie, waarom ben je nu zo bij elkaar gaan zitten?"

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

De groep bestie út 16 minsken yn de leeftiid oant 25 jier. Ien fan de persoanen hie it coronafirus en hat de oare persoanen yn de groep besmet. "Het is bekend dat het een groep jongvolwassenen is geweest die bij elkaar zijn gaan zitten. Eén van hen was positief en daarna is de groep besmet geraakt," seit Van de Pol.

Soarchlik

"Het is heel erg zorgelijk," seit de boargemaster. "Waar ik wel een groot compliment voor wil geven is dat ze direct in quarantaine zijn gegaan. Er is een bron- en contactonderzoek opgezet, veel mensen zijn getest. Ik ben blij met de inzet, maar het is heel zorgelijk. Heel Nederland was corona-moe, ik begrijp dat het niet leuk is. Maar als we zo gaan doen is het het van de dam."

Neffens GGD Fryslân-direkteur Margreet de Graaf hat de jongerein inoar opsocht op it Waadeilân. "It is te ferklearjen. Se hawwe it measte lêst fan it isolemint, mar it minste fan it firus." De jongeren nimme dus bewust in risiko. "Mar se kinne noch wol âlderein besmette. Dêrom rop ik harren op dochs noch efkes fol te hâlden."

"Het leeft ontzettend"

Neffens Van de Pol libbet it ôfgryslik op Skylge. "In de kerstperiode komen duizenden bezoekers naar het eiland, maar dit is echt iets van het eiland zelf. Het heeft niets te maken met toerisme. En zestien mensen ziek in zo'n kleine gemeenschap, dat is heel veel."

Dochs wurdt fêstholden oan de lanlike maatregels. "Die zijn al erg streng. Er wordt goed gecontroleerd en gehandhaafd. Maar de schrik zit er wel in. Er wordt niet achter de voordeur gekeken, dat doen we niet. Maar wel als mensen in groepjes over het strand lopen of door de straat. We moeten de schouders eronder zetten om het onder de duim te krijgen."

De Stilen

Ek yn fersoargingshûs De Stilen soe mooglik corona west hawwe. In ôfdieling hat dêr ôfsluten west. "Zover ik weet zou die afdeling nu weer open zijn", fertelt Van de Pol. "Het was een hele grote zorg, want het is een groep kwetsbare ouderen. Maar ik heb vandaag gehoord dat geen van de cliënten positief getest is."

It tal coronabesmettingen yn de provinsje stabilisearre de ôfrûne wike, útsein op it eilân Skylge.

Boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)