Heechste tal coronapasjinten yn Fryske sikehuzen oant no ta: 102 minsken

08 jan 2021 - 12:48

Der lizze op dit stuit 102 pasjinten mei it coronafirus yn it sikehûs yn Fryslân. Dat oantal hat noch nea earder sa heech west. It giet om 30 minsken op in intensive care-bêd en 72 pasjinten op oare ôfdielingen. Dit docht bliken út sifers fan it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland.

Maatregels tsjin it coronafirus yn it MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Oant no ta wie it heechste oantal pasjinten yn it sikehûs op in net-ic-bêd 66, mar dat is dus tanommen ta 72. Ek it tal pasjinten op de intensive cares is heech, inkeld op moandei gie it ek al om 30 pasjinten.

Yn Fryslân, Grinslân en Drinte lizze mei-inoar 236 coronapasjinten yn it sikehûs. 75 fan harren komme út oare regio's.

(Advertinsje)
(Advertinsje)