ChristenUnie hat soargen oer Frysk erfgoed troch provinsjaal belied

De Steatefraksje fan de ChristenUnie hat soargen oer de kolleksjes fan Fryske musea. In oantal musea hat mei it provinsjale belied Nij Poadium gjin of minder subsydzje takend krigen. Steatelid Lieuwe van der Pol fynt it in grutte flater yn it nije provinsjale belied: dat musea Frysk erfgoed bewarje moatte is neffens him oer de holle sjoen.
It Fries Scheepvaart Museum yn Snits © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Mei minder of gjin subsydzje is it neffens de fraksje dreech om in kolleksje mei Frysk erfgoed op in goede wize te bewarjen. "Het lijkt een weeffout in het nieuwe beleid; de bewaarfunctie van deze musea is kennelijk over het hoofd gezien. Het is belangrijk dat wij als Friese samenleving nadenken over wat wij willen bewaren en op welke wijze wij dat doen", sa lit de fraksje witte yn in ferklearring.

Erfgoed ferlern

Neffens Van der Pol soe it tige spitich wêze as der wichtich erfgoed ferlern giet. "Het is belangrijk dat wij als Friese samenleving nadenken over wat wij willen bewaren en op welke wijze wij dat doen," sa lit hy witte. It giet ûnder oare om it Fries Landbouwmuseum, it Fries Scheepvaart Museum en Natuurmuseum Fryslân.
It Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda