Fertochte (20) fan oerfal Broeksterwâld 14 dagen langer fêst

De 20-jierrige man dy't fertocht wurdt fan de oerfal op in wenning oan de Patrimoniumwei yn Broeksterwâld, bliuwt 14 dagen langer fêstsitten, dat meldt it Iepenbier Ministearje. De man is tongersdei foar de rjochter-kommissaris kaam, der binne genôch bewizen om de man yn elts gefal twa wiken langer fêst te hâlden.
© Srfotografie
By de oerfal fan 15 desimber waard in 70-jierrige frou fan it doarp slachtoffer. Sy waard troch de fertochte bedrige, dy hie in bivakmûtse op. Ek hie de man in wapen by him, dêr't er de frou mei bedrige. Der waard jild easke troch de oerfaller, de frou joech it jild ôf en de oerfaller naaide dêrnei út.
De plysje hat in grut ûndersyk ynsteld, mei it ûndersyk waard in naam bekend makke dy't eksplisyt omtinken hie fan de resjerzje. De fertochte waard op tiisdei 5 jannewaris oppakt.