GGD rekket 86 coronatestmeunsters fan testlokaasje Bilgaard kwyt

08 jan 2021 - 11:13

Fan 86 minsken dy't har ôfrûne moandei op de testlokaasje Brandemeer yn de Ljouwerter wyk Bilgaard op corona test litten hawwe, is it slymmeunster kwyt. In wurdfierder fan GGD Fryslân befêstiget it nijs.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Hoe't it kin dat de meunsters ferdwûn binne, wit de GGD noch net. Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân: "It is in riedsel. Se binne earne ûnderweis kwytrekke. Mar eins is it ek wol moai dat it sa faak wol goed giet. Der wurde sa'n 2.000 meunsters op in dei hinne en wer riden."

De minsken fan wa't de meunsters binne, binne neffens har daliks belle om in hertest te dwaan. "Mei prioriteit wurde se kontrolearre en krije se útslach", sa seit De Graaf.

De meunsters dy't GGD Fryslân ôfnimt, moatte fan de testlokaasje nei laboratoaria yn Deventer, Ljouwert of Dútslân brocht wurde. Nei hokker laboratoarium dizze meunsters ûnderweis wiene, is net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)