Earste coronafaksinaasjes set yn Tjongerschans, Nij Smellinghe en Antonius

08 jan 2021 - 11:03

Sikehûzen Tjongerschans, Nij Smellinghe en Antonius hawwe freedtemoarn de earste coronafaksins tatsjinne by harren akute soarchpersoniel. It MCL yn Ljouwert begûn dêr woansdei al mei. Dêrmei binne alle fjouwer sikehûzen yn Fryslân úteinset mei it faksinearjen.

Foto: Tjongerschans

De faksins binne bedoeld foar it soarchpersoniel dat yn de frontliny stiet yn de bestriding fan it coronafirus: meiwurkers fan de intensive care, de spoedeaskjende help, de covidôfdieling en ambulânsepersoniel.

IC-ferpleechkundige Marijke van der Molen wie de earste meiwurker fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean dat it faksin tsjin it coronafirus tatsjinne krige. Se seit ferromme te wêzen dat it einliks sa fier is: "Ik ben blij dat we nu eindelijk wat kunnen doen om dit grillige virus te voorkomen in plaats van de akelige gevolgen te bestrijden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)