Learlinge-opfang Damwâld grôtfol mei lockdown: "Dit sjit it doel foarby"

08 jan 2021 - 10:26

De learlinge-opfang fan de Campus Damwâld rint tsjin de grinzen oan. Alden bringe de bern folle faker nei de needopfang as yn de earste lockdown. De opfang yn Damwâld hat faak mear as tsien persint fan it totaal oantal skoalbern yn de opfang sitten.

Needopfang skoalle rekket fol

Der komme safolle bern dat de skoalle hast wol wer iepen kin. Heiten en memmen mei fitale beroppen meie har bern nei de needopfang bringe en ek bern út kwetsbere húshâldingen binne wolkom. It kostet it soad ynset, seit skoaldirekteur Alie Rienks.

"Wy meitsje in roaster en wy kinne miskien ek noch wol studinten ynsette. Mar it doel fan de lockdown is: sa min mooglik minsken yn de skoalle. Dus hoe mear bern wy krije, hoe mear learkrêften der op skoalle komme moatte. Dan sjit de hiele lockdown syn doel foarby. Dat is fansels net de bedoeling."

Learkrêfen fiele har minder feilich

Boppedat fiele learkrêften har minder feilich mei al dy drokte. Hielendal mei de nije Britske mutaasje, dy't foar bern besmetliker is. It binne benammen âlden út riskantere beropsgroepen, lykas de soarch, dy't har bern yn de needopfang hawwe.

"Wy hawwe ek in learkrêft mei in ûnderlizzende oandwaning," seit Rienks. "Foar dat soarte minsken is it ekstra spannend."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Ferslachjouwer Ronnie Porte yn Damwâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)