PvdA Weststellingwerf bliuwt ek by nije riedsferkiezingen ûnder SDW-flagge

08 jan 2021 - 09:34

By de takommende gemeenteriedsferkiezingen bliuwt de PvdA yn Weststellingwerf ûnder de flagge fan Sociaal Duurzaam Weststellingwerf (SDW). Dy partij is yn 2017 ûntstien as gearwurking mei Weststellingwerf Natuurlijk! en Vrijheid Voor Allen. De PvdA is dus net selsstannich fertsjintwurdige yn de ried, mar bestiet wol as lokale ôfdieling fan de lanlike PvdA.

Foto: SDW

De partij is yn 2017 oprjochte tsjin de fersnipeling yn de gemeenteried. Under de namme SDW dogge de partijen mei oan de ferkiezingen om mei-inoar sterker te wêzen.

"Na een uitgebreide en vruchtbare discussie hebben de leden unaniem besloten door te gaan met SDW. De PvdA'ers zien veel van hun programmapunten terug in SDW en vinden dat de fractie van SDW deze in de gemeenteraad helder en duidelijk over het voetlicht brengt," sa lit de PvdA-ôfdieling witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)