Ferwûne nei botsing tusken twa auto's op N31 by Nyegea

By in ûngelok tusken twa auto's op de N31 by Nyegea is freedtemoarn ien persoan ferwûne rekke.
© De Vries Media
De bestjoerder fan de iene auto woe fan de rotonde ôf de N31 op ride, mar seach dêrby in auto dy't parallel oan de dyk ried nei alle gedachten oer 'e holle. De twa auto's klapten dêrnei op elkoar.
De bestjoerster fan de twadde auto is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De oare bestjoerder rekke net ferwûne.