Kollum: "Lûk dy ryk"

08 jan 2021 - 08:13

"Soms komst wat tsjin dêr'tst noch net fan wist dat it bestiet mar stiest ek net bepaald te springen om it te witten. Bygelyks dy kear dat ik op it ynternet om in haadstel socht en sûnder euvelmoed op in side telâne kaam dêr't se haadstellen foar minsken ferkochten, kompleet mei bit en al. Ik wist wol dat der lju binne dy't fan SM hâlde, mar fan 'Pony Play' hie ik dochs echt in oar byld.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Sa bin ik der troch it programma Sex voor de Buch achter kommen wat 'sandwiche' betsjut. Ik kaam dêr zappende wei telâne en doe wie der in frommeske dat har dus sandwiche litte woe. Omdat ik wol heard hie dat yn itselde programma earder immen yn in bad mei brune beannen sitten gong omdat er dat opwinend fûn, tocht ik dat dizze frou miskien wol neaken tusken twa grutte stikken bôle lizze woe.

Mar it die bliken dat it dochs in bytsje oars wie want se siet klem tusken twa manlju dy't har tagelyk fan foaren én fan achteren namen. It wie har fantasy om dit nochris te dwaan en se sei ek dat se mem wie fan in jonkje. It iennichste wat ik doe betinke koe, wie: 'Earm bern, it sil dyn mem mar wêze.' En dan net iens om itjinge wat se woe of die, mar al om it sa eksplisyt yn byld te bringen en elk dêr nei sjen koe.

Moandeitejûn krige ik itselde gefoel doe't ik Patty Brard foar it ljocht zapte. Sy die út 'e doeken hoe't Ferry Doedens út GTST himsels foar de waskbak ta in hichtepunt befredige en dat filmke op in spesjale side setten hie om dêr jild mei te fertsjinjen. Se lieten de aksjebylden net sjen, mar it ferhaal wie wol dúdlik.

'Wat soene syn âlden hjirfan fine?' frege ik my ôf, mar ek: 'Stel datst letter sels bern krijst en dy bylden noch te sjen binne!' Miskien is it wol hiel stom om sa te tinken, mar dêr kin ik fierder ek neat oan dwaan. Myn earste gedachten binne no ien kear net om drekst lid te wurden fan dat 'OnlyFans' om in oar syn lid yn aksje te sjen. Dan jou ik myn jild leaver út oan in moai bosk tulpen.

Ik wit dus wer wat nijs en ik fyn it wol bysûnder dat der minsken binne dy't soks betinke, of harren bleat jouwe en oaren wer jild betelje om dat te sjen. In pear wiken lyn kaam Patty sels noch foarby doe't ik gewoan troch de nijsberjochten op myn tillefoan scrolde. It ferhaal wie dat se yn har hûs op Ibiza mei de noas fol snie en in oar frommes yn bêd lei te boartsjen, wylst har man harren betsjinne as in butler.

'No en?!' tocht ik doe't ik it lies. En wêrom moat soks de wrâld eins yn? Wat sy yn har eigen hûs docht, moat sy witte! Al sil se oer de flier krûpe mei in haadstel om, wylst Ferry as in echte Fryske hynst syn keunsten fertoant en lûd brinzget as er syn ferneamde sied yn it rûn brûst. Wa't der aardichheid oan hat, moat it foaral dwaan mar ik hoech it net perfoarst te witten.

Ik hie moandei miskien better fierder zappe kinnen, mar it wie al te let. Op OnlyFans kinst mear sok soarte fan aksjes ferwachtsje en ast in protte fans hast, dan kinst omraak jild fertsjinje. Kinst dy dus letterlik ryk lûke en sa fan dyn hobby dyn berop meitsje. Mar persoanlik sjoch ik leaver nei myn ponny en Fryske hynder as se wer wat nijs leard ha mei de frijheidsdressuer."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)