Gemeenten biede ynwenners fergeze kursus polityk oan

08 jan 2021 - 07:27

Wolsto mear witte oer hoe't de polityk wurket, of oer hoe'tst ynfloed hawwe kinst op wat der allegear bart yn dyn gemeente? Dan is de training Politiek Actief mooglik wat foar dy. De gemeenten Hearrenfean, Opsterlân, East- en Weststellingwerf, Smellingerlân en De Fryske Marren biede dizze training fergees oan om boargers te belûken by de lokale polityk.

De riedseal fan Eaststellingwerf - Foto: Lourens Looijenga

Yn fiif jûnen fertelle de gemeenten ynteressearden alles oer demokrasy en polityk. Dêrby komme der riedsleden, boargemasters en griffiers fan ferskate gemeenten oan bod. Teory wurdt ôfwiksele mei praktyske opdrachten mei fragen oer hoe't ynwenners in aktive rol oannimme kinne; hokker taken de gemeente hat en hokker it Ryk; wannear't it kolleezje oan set is en wat krekt it foech fan de gemeenteried is.

De earste jûn jildt as in yntroduksje, op de twadde gearkomste giet it spesifyk oer hoe't de gemeente en har beslútfoarming wurket. Op de tredde gearkomste wurdt de gemeenteried behannele. De fjirde stiet yn it ramt fan 'oertsjûgjend debattearjen' en op de fyfde jûn giet it oer gemeentefinânsjes en de riedsgearkomste.

Gearwurkje

"We willen als gemeenten met inwoners samenwerken in de lokale democratie en hen kennis laten maken met de politiek", leit Lammy Roest, griffier fan de gemeente Hearrenfean, út. "Wellicht als opstapje naar deelnemen aan de politiek. Fracties en partijen zijn altijd op zoek naar nieuwe leden."

De fyfde jûn, de riedsgearkomste, wurdt mooglik letter yn it jier jûn. "Het is veel leuker om bij een fysieke raadsvergadering aanwezig te zijn en elkaar te spreken, dus mogelijk doen we die later", seit Roest.

Lammy Roest, griffier fan de gemeente Hearrenfean

De fergeze training is digitaal te folgjen en wurdt jûn op woansdeitejûnen fan 19.30 oant 22.00 oere; op 17 febrewaris, 3 maart, 10 maart, 24 maart en 7 april. Minsken dy't meidwaan wolle, kinne har oant 29 jannewaris online oanmelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)