Undersyk nei oanspielde potfisk op Flylân: "Het zit nog niet heel erg mee"

08 jan 2021 - 11:25

Undersikers fan de universiteit fan Utrecht binne freed op Flylân om de potfisk dy't dêr in dei earder oanspielde te ûntleedzjen. It bist, in jong mantsje, wie net mear te rêden en is tongersdei oan de ein fan de middei deagien. Rykswettersteat bringt de potfisk nei it ûntleedzjen nei fêste wâl, wêrnei't de ûndersikers it bist ûndersykje sille.

Undersikers ûnderweis nei Flylân om oanspielde potfisk te ûntleedzjen

De potfisk leit freedtemoarn noch altyd op it strân fan Flylân. It wie efkes de fraach oft der jild beskikber wêze soe foar ûndersyk nei de deadsoarsaak, mar yntusken is it slagge om budzjet frij te meitsjen, fertelt Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat: "Onderzoekers van de universiteit van Utrecht zijn nu onderweg om de potvis te ontleden en de doodsoorzaak te achterhalen."

Stichting SOS Dolfijn sei tongersdei dat it nei alle gedachten giet om in potfisk dy't it paad bjuster rekke is yn syn tocht nei it suden, en sa yn de Noardsee bedarre is. Yn dizze tiid fan it jier migrearje mantsjes fan it noarden nei it suden. Somtiden nimme se dêrby de ferkearde ôfslach. Sa'n ferkearde ôfslach hat hast altyd de dea foar de bistjes ta gefolch.

Lestich te berikken

As de ûndersikers de potfisk ûntlede hawwe, rommet Rykswettersteat it materiaal op. Dat is neffens Witting noch in hiele toer, om't it bist op in plak leit dat lestich te berikken is en de potfisk ek noch flink wat waget. "Het dier is 14 meter lang en twee meter in doorsnee. We schatten dat er 17 tot 20 ton aan materiaal ligt. Het klinkt misschien een beetje raar om het zo in getallen te benaderen, maar daar moet je toch rekenschap mee houden, wil je hem op een goede manier afvoeren." It ôffieren sil in pear dagen yn beslach nimme.

"Geen trekpleister"

It bist lizze litte en oerlitte oan de natuer, lykas mei de finfisk op de Rottumerplaat, is gjin opsje. "Op de Rottumerplaat is er geen bewoning en geen toegang voor mensen." Flylân is oefenterrein foar Definsje en it plak dêr't de potfisk leit, is frij tagonklik foar besikers. "Het moet geen trekpleister worden. We zijn als overheden wel bezig om af te stemmen waar deze dieren naartoe kunnen om ze wel te laten vergaan."

Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat

Foto: Omrop Fryslan, Remco de Vries

Strâningskoördinator Geert Hoogerduijn fan it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit fertelt dat it fuortheljen noch in poepetoer is: "Vanaf zaterdagochtend zo vroeg mogelijk proberen we het dier geschikt te maken voor het afvoeren. En dan kan er postmortaal onderzoek worden gedaan door Universiteit Utrecht in samenwerking met Naturalis. Het zit nog niet heel erg mee, het is een groot en zwaar beest. Twee pogingen zijn mislukt. Het is een kwestie van geduld zodat er genoeg water staat en het wat hoger komt te liggen."

Ferslachjouwer Remco de Vries op Flylân

Trefwurden: 
potfisk Flylân ûndersyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)