UPDATE: Plysje siket tsjûgen fan útbaarnen camperbuske yn Drachten

08 jan 2021 - 11:33

De plysje is freedtemoarn in ûndersyk start nei de oarsaak fan de brân dy't tongersdeitejûn in camperbuske folslein yn 'e jiske lei. It buske stie foar in wente oan de Michaëlsberg yn Drachten. In skuorke en in garaazje rekken flink skeind troch de brân.

Foto: SrFotografie

Doe't de brânwacht tongersdeitejûn arrivearre, stie de wein al yn ljochte lôge. De garaazje en in houten opslachhok derneist drigen ek yn flammen op te gean, mar de brânwacht koe dat foarkomme. Yn de bus lei noch in gasfles, dy't út de wein helle is en dêrnei kuolle.

It forinsysk team fan de plysje is freedtemoarn delkaam om by deiljocht ûndersyk te dwaan op it plak dêr't it camperbuske stie. Wat de oarsaak is fan de brân is noch net bekend. De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe kontakt op te nimmen.

It buske is yntusken ôffierd. Der rekke gjinien ferwûne by de brân.

Foto: SrFotografie
(Advertinsje)
(Advertinsje)