Fan de Oldehove oerstappe nei Oerol: nammen fan de nije Arriva-treinen bekend

Fan de Oldehove oerstappe nei Oerol: it kin no't de nije treinen fan Arriva harren nammen krigen hawwe. De nije WINK-treinen fan de ferfierder hawwe alle achttjin de namme krigen fan in favorite bestimming yn Fryslân of Grinslân.
© Arriva
De nammen foar de nije treinen binne: Het Wad, d'Olle Grieze, Noar hoes, Museumspoorlijn STAR, Noorderzon, De Drie Gezusters, Westerwolde, Hongerige Wolf, Hangende Keukens, Oldehove, Holwerd aan Zee, Thús, Oerol, Reaklif, Alvestêdetocht, Zwarte Haan, De Slachte, Snitser Mar.
Fan novimber ôf koene minsken harren favorite bestimmingen trochjaan as namme foar de trein. Sa'n 3.000 minsken hawwe dêr gehoar oan jûn, folle mear as dat der yn 2005 oan de oprop foar treinnammen meidiene.
Ut de ynstjoeringen keas de sjuery, besteande út Avine Fokkens, Fleur Gräper, Ben Woldering, Nynke de Jong, Joop Mulder en Evert van Dijk, 41 bestimmingen, dêr't dêrnei op stimd wurde koe. De njoggen Fryske nammen dy't keazen binne, binne: Oldehove, Holwerd aan Zee, Thús, Oerol, Reaklif, Alvestêdetocht, Zwarte Haan, De Slachte, Snitser Mar.
De bestimmingen sille net allinnich oan de bûtenkant fan de treinen te sjen wêze, mar ek oan de binnenkant wurdt de bestimming fisualisearre. Ek wurde der ferhalen oer de bestimmingen op it platform fan Arriva pleatst.

It ferbinen fan minsken en bestimmingen

Anne Hettinga, sjueryfoarsitter en foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Arriva, sjocht tefreden werom op it proses. "It is moai om te sjen dat sa'n nammewedstriid minsken en bestimmings mei elkoar ferbynt. Sa waard der bygelyks massal lobbyd om guon favorite bestimmings op de trein te krijen", sa seit er.
Mei yngong fan kommende maitiid wurde de nije treinen ynset yn de tsjinstregeling.
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva